Nije spiler by Woon!Aris
De Ljouwerter basketballklub Woon!Aris hat der in nije spiler by. It giet om de 22-jierrige Senegalees Seuni N'Diaye. Hy is 2.11 meter lang.
Kommende sneon makket N'Diaye syn debút by Aris yn de útwedstryd tsjin Swolle. De nije spiler is oanlutsen om't mar leafst fjouwer basketballers fan Aris net spylje kinne fanwege blessures. N'Diaye sil foarearst op hierbasis ien moanne foar Aris útkomme.
Trefwurden:
argyf