Nije kabelfrekwinsje Essent

© Omrop Fryslân
Kabelbedriuw Essent hat in nije frekwinsje yn gebrûk naam foar Omrop Fryslân radio. It giet om 95.9. Earder wie de kabelfrekwinsje 87.9 en 101.3. Minsken dy't de Omrop fia de kabel ûntfange, moatte de ynstelling dus feroarje.
De nije frekwinsje is tiisdeitemoarn ynsteld. Hy jildt foar it hiele gebiet fan Essent, dus net foar de oare kabelbedriuwen. Dat binne Kabel Noord en UPC.