Verdonk krijt swartboek

© Omrop Fryslân
Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel hat minister Verdonk fan Frjemdlingesaken ferline wike in swartboek oanbean mei ferhalen oer asylsikers yn de gemeente. It swartboek is makke troch Flechtelingenwurk Wûnseradiel. Dêryn is alle ellinde werom te finen fan de seis flechtlingegesinnen yn Wytmarsum.
It swartboek is moandei oerlange oan de gemeenteried fan Wûnseradiel.