Grut ûnderhâld yn de Blauwe Golf

© Omrop Fryslân
It rekreaasjebad fan swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is takom wike moandei, tiisdei en woansdei ticht fanwege ûnderhâld. It wedstrydbad en de oare twa baden binne wol gewoan iepen. De wurksumheden oan it rekreaasjebad hâlde yn dat de oanstjoeringskasten foar de golven en bubbels ferfongen wurde. Ek wurdt de râne yntensyf skjinmakke.
De wurksumheden moatte in ein meitsje oan de technyske problemen yn de Blauwe Golf.