Kreativen yn bedriuwslibben
It bedriuwslibben yn Fryslân moat mear gebrûk meitsje fan bedriuwen yn de kreative sektor. Reklameburo's, software-ûntwikkelders, mar ek arsjitekten en keunstopliedings kinne in soad betsjutte foar bedriuwen dy't fernijend dwaande wêze wolle.
Soks docht fertuten, docht bliken út in ûndersyk fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. It kin bygelyks it imago fan in stêd of streek ferbetterje. In foarbyld yn Ljouwert is de Popakademy.
Trefwurden:
argyf