'ID'ers en WIW'ers behâlde'

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan de PvdA yn Achtkarspelen wol de subsidiearde ID- en WIW-banen yn it ûnderwiis behâlde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat de mooglikheden dêrfoar gau ûndersykje. De PvdA-fraksje sil dit tongersdei fia in moasje freegje.
De ID- en WIW-ers moatte ûnderbrocht wurde yn in soart fan arbeidspool fan de gemeente. Dy kin de minsken dan wurkje litte op de skoallen foar allerhanne saken.