Plysjeburo Stiens bliuwt iepen
Riedsleden fan de gemeente Ljouwerteradiel hoege har gjin soargen te meitsjen oer it plysjeburo yn Stiens. Dat boadskip krigen se moandei fan boargemaster Ter_Keurs yn in ynformele riedsgearkomste.
De boargemaster hie op it buro fan Sint Anne noch oerlis hân mei de distrikts- sjef fan de plysje. Doe is ôfpraat dat der heechút in pear buromeiwurkers fan Stiens nei Sint Anne ferhúzje. In sluting is dêrmei fan de baan.
Trefwurden:
argyf