Yildirim yn foarseleksje Oranje

© Omrop Fryslân
Ugur Yildirim fan SC Hearrenfean is troch bûnscoach Marco van Basten opnommen yn de foarseleksje fan it Nederlânsk alvetal. Oranje spilet op 9 febrewaris yn Birmingham freonskiplik tsjin Ingelân.
Yildirim makke krekt dit wykein bekend dat er foar Nederlân útkomme wol en dat er net yngiet op in útnoeging fan it Turkse fuotbalbûn. De definitive seleksje fan it Nederlânsk alvetal wurdt op 4 febrewaris bekend makke.