Nynke Klopstra blessearre

© Omrop Fryslân
Judoka Nynke Klopstra is seker trije moanne út de rûlaasje. De 31-jierrige Gytsjerkse krige ferline wike op in trainingskamp yn Eastenryk in swiere blessuere oan de knibbel. Neffens de dokters is de achterste krúsbân fan har rjochterknibbel ôfskuord.
Nynke rjochtet har no op de Europeeske kampioenskippen. Dy wurde ein maaie yn Rotterdam hâlden.