Yildirim kiest foar Oranje

© Omrop Fryslân
De 22-jierrige Ugur Yildirim sil útkomme foar it Nederlânsk alvetal. Dat makke hy nei de wedstriid fan syn ploech Hearrenfean tsjin Den Bosch bekend. Sawol de Turkse as de Nederlânske bûnskoach Van Basten hiene Yildirim benadere om yn it nasjonale team te spyljen.
Moandei is Yildirim troch Van Basten opnommen yn de foarseleksje fan it Nederlânsk alvetal. Dat spilet op 9 febrewaris yn en tsjin Ingelân.