Animo foar bestjoer streekmuseum

24 jan 2005 - 12:16

Der binne al fjouwer gadingmakkers dy't de gatten yn it bestjoer fan it streekmuseum yn Burgum wol opfolje wolle. Trije fan de sân bestjoersleden stapten ferline wike op, omdat de gemeente gjin ekstra jild jaan wol oan it museum. De bestjoersleden dy't sitten bleaun binne, sjogge lykwols noch wol takomst foar it streekmuseum.

Probleem is foaral dat der gjin betelle behearder oannommen wurde kin. Op dit stuit is der in frijwilliger oan it wurk

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)