Bentex-winkels tiisdei wer iepen

© Omrop Fryslân
37 fan de 55 winkels fan it fallite kleankonsern Bentex gean tiisdei wer iepen. Neffens de undernimmingsried is dat de útkomst fan oerlis tusken de kurator en de direksje fan it Lemster bedriuw.
Bentex hat in skuld fan 6 miljoen euro. In reorganisaasje is nedich om it bedriuw wer sûn te krijen. Foar in kwart fan it personiel is gjin plak mear. De winkels yn Fryslân en Grinslân bliuwe foar it grutste part iepen.