Aris wint fan Giants
De basketballers fan Aris wûnen sneon de thúswedstriid fan Giants mei 92-86. Nei in drege earste helte namen de Ljouwerters yn de twadde helte ofstân fan de ploech út Bergen op Zoom. Benammen troch it goede spul fan Dallas Logan en Justin Tatum bleaunen de punten yn Ljouwert.
Aris bliuwt nei de winst op it fiifde plak stean mar nimt ôfstân fan direkte konkurrint Giants.