Greate Tryn ferliest mei 0-95
Foar it earst sûnt 20 jier hat Fryslân wer in frouljus rugbyploech: Greate Tryn fan Ljouwert. Snein spilen sy har earste thúswedstriid yn 'e lanlike kompetysje. Der waard mei grutte sifers ferlern fan de Elephants út Eindhoven, it waard 0-95.
Entûsjasme en ynset genôch by de froulju fan Greate Tryn. Mar de froulju misse de nedige wedstriidûnderfining.