Oarlochsbetinking yn Dokkum

23 jan 2005 - 10:12

In pear hûndert minsken binne sneon ôfkaam op de betinking fan de fusillade oan de Wâldwei yn Dokkum. Op 22 jannewaris 1945 waarden dêr 20 jonge manlju deasketten troch Dútse soldaten. De Dútsers woene sa wraak nimme op it ferset, dat in oerfal dien hie op in auto mei Dútsers by de Falom.

Der waard sneon in krâns lein by it oarlochsmonumint oan de Wâldwei. Dat waard ek dien by it monumint oan de Noorderdwinger yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)