Kollumerlân better ferljochte

© Omrop Fryslân
De strjitferljochting yn de doarpen fan Kollumerlân bliuwt yn de takomst ek nachts brânen. De gemeente wol it feiligensgefoel fan de ynwenners sa fergrutsje. Om foar te kommen dat de enerzjyrekken fan de gemeente flink omheech giet, wurde yn alle 2.100 lantearnepeallen sparlampen set.
Fjouwerhûndert peallen wurde hielendal ferfong, omdat dêr asbest yn sit. Nije wike wurdt in begjin makke mei it oanpassen fan de strjitferljochting.