REC mei draaie fan Steatsried

14 mrt 2012 - 10:44

De ôffaloven fan Omrin yn Harns mei draaie. De miljeufergunning is definityf goedkard troch de Raad van State. Alle beswieren fan Afvaloven Nee en de Waadferiening binne ôfwiisd. Der wiene twifels oer de ferspriedingsberekkening fan de útstjit en stankoerlêst. Neffens de Rie docht bliken út in provinsjaal ûndersyk dat alles rom binnen de wetlike noarmen bliuwt. It is de twadde kear dat de Rie him útsprekt oer de ôffaloven. Yn jannewaris 2010 waard de miljeufergunning ferneatige. Nei oanlieding dêrfan kaam der in nije fergunning.

Tsjinstanners binne teloarsteld, mar se litte it der net by sitte. Meikoarten komt der noch in útspraak fan de Raad van State oer it gefaar fan de stoomliedings tusken de REC en it sâltfabryk Frisia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)