'Boargemaster moat gesin ha'

© Omrop Fryslân
De nije boargemaster fan Flylân moat in gesinsman of -frou wêze. Dat hat de gemeenteried fan it eilân freed bepaald. Boargemaster Van der Mark hat yn desimber oanjûn dat er per 1 july syn funksje delleit.
De ried wol in man of frou mei in gesin om't dy better yntegreare kinne soe yn de eilanner mienskip. Der is gjin politike foarkar opnommen yn de profylskets. Der wurde sa'n 30 sollisitanten ferwachte.