Ungelok troch boadskippen

© Omrop Fryslân
In frou fan 80 út Snits is freed ferwûne rekke, doe't se op de Kapelstraat yn har wenplak yn botsing kaam mei in auto. De frou moast de auto fan in 19-jierrige jonge út Balk foarrang jaan, omdat dy fan rjochts kaam. Se hie har fyts lykwols sa fol laden mei boadskippen, dat se net op tiid ta stilstân kaam.
De frou waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, mar koe dat nei behanneling wer ferlitte.