Blokhûspoarte bliuwt iepen

22 jan 2005 - 13:49

It gefang De Blokhûspoarte yn Ljouwert bliuwt definityf iepen. De ynrjochting wurdt yngeand opknapt. Dêrmei komt in ein oan in jierrenlange perioade fan ûnwissens.

Begjin ferline jier waarden de ferbouwingsplannen op in sêft sin set. Underwilens is fêst komme stean dat ek yn it noarden ferlet is fan sellen. De finzenis yn Grins giet mei yngong fan 2008 ticht. Dy is te âld om noch opknapt te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)