Oanlis A7 Noard út ein set
By Drachten hawwe pommeranten freed it it bouryp meitsjen fan bedriuweterrein A7 Noard offisjeel ynlet. Deputearre Bijman, boargemaster van der Zaag fan Smellingerlân en wethalder Hoen fan Opsterlân ûntbleaten in nammeboerd.
It nije terrein is 110 bunder grut. Fiif bedriuwen hawwe serieus ynteresse foar in kavel. Neffens boargemaster van der Zaag binne der noch fiif oare bedriuwen dy't har ek meld hawwe foar in plakje op it terrein.