Jild kwyt nei oplichting

© Omrop Fryslân
Twa Friezen binne slachtoffer wurden fan oplichting fia ynternet. Se logden nei in mail yn op in falske ynternetside fan in bank. By in ynwenner (45) fan Menameradiel is dêrnei 22.500 euro fan syn rekken ôfskreaun, by in ynwenner (54) fan de gemeente Hearrenfean goed 2.500 euro. It jild is oerskreaun nei in bûtenlânske bankrekken. De plysje warskôget nochris net te reagearjen op mails fan banken, om't dy noait fia de mail freegje om gegevens.