Kafeemoard: noch gjinien oppakt

22 jan 2005 - 09:50

De plysje hat noch gjin fertochten oppakt foar de moard op de kastlein fan kafee Nijlân yn Ljouwert. Tritich plysjes wurkje oan de saak. Sa geane se nei wat in grutskalich buertûndersyk en in ûndersyk ûnder klanten en relaasjes fan de kastlein opsmiten hat.

Der komme ek noch hieltyd tips binnen fia de tillefoan en e-mail. De kastlein is moandeitenacht ombrocht mei in skerp ding. Der is jild meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)