Ritsma net nei WK

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma komt dit seizoen net mear yn aksje. Hy hat fia de skate-off yn Thialf gjin plak ôftwinge kinnen foar it WK-allround. Ritsma behelle op de 1500 meter en op de 5 km in sechsde plak. Hy einige dermei as lêste yn de striid om in WK-plak. Bob de Jong wûn de skate-off en giet dus al nei Moskou. Sven Kramer hat him op de 1500 meter net pleatst foar de World Cup yn Baselga. Hy giet wol nei it WK.