Auto's op ierdgas

© Omrop Fryslân
De Noardlike provinsjes wolle mear auto's op ierdgas ride litte. Alle gruttere plakken moatte tankstasjons krije. Doel is dat it Noarden yn 2006 de regio is mei de measte auto's op ierdgas. Ljouwert krijt meikoarten as earste sa'n tankpunt.
De foardielen fan riden op ierdgas binne al langer bekend, mar oant no ta kaam in massale ynfiering net fan de grûn. De stifting Energy Valley besiket der no feroaring yn te krijen.