Nij wenplan yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel is it iens wurden mei projektûntwikkelders oer it nije wenplan-Súd yn Frjentsjer. Ferline jier koene beide partijen it net iens wurde oer it tal wenten. Foar 2010 moatte 600 wenten bouwd wêze. De ûntwikkeling fan plan-Súd is dêrom needsaaklik.
Yn it nije plan-Súd hoege de sportfjilden oan de Hertog fan Saxenleane net te ferhúzjen nei Bloemketerp. De FNP, Gemeentebelangen en de VVD binne tsjin de plannen.