Nije sloeperûte Grou-Ljouwert

© Omrop Fryslân
B en W fan Boarnsterhim wolle 93.000 beskikber stelle foar in sloeperûte tusken Ljouwert en Grou. Dy is bedoeld foar lytsere boaten mei in maksimale trochfarhichte fan oardel meter en rint fia Wurdum en Goutum.
It ynisjatyf foar de farrûte komt fan de doarpsbelangen fan de twa doarpen. Der wurdt al sûnt 1998 praat oer de sloeperûte. De kosten bedrage in heal miljoen euro. De rie fan Boarnsterhim moat der noch wol oer gear.