Prate oer wenningmerk

© Omrop Fryslân
Gemeenten hoege net by de provinsje oan te kommen mei it fersyk om mear hûzen bouwe te meien. Der is plak foar 12.000 nije hûzen. Dat seit deputearre Andriesen. Dy romte ha de gemeenten al tawiisd krigen en dat stiet ek yn har bestimmingsplannen. Gemeenten wolle faak oare hûzen bouwe as dêr't se tastimming foar krigen ha.
De deputearre wol ynkoarten mei alle partijen op de wenningmerk oer de sitewaasje prate.