Nije politike partij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Fergees ûnderwiis en iepenbier ferfier, minder regels foar ûndernimmers en prate yn begryplike taal. Dat is wat de nije politike partij ONS yn Ljouwert graach wol. De partij hat tweintich leden en is woansdei oprjochte.
De letters ONS stean foar 'Onze Nederlandse Samenleving'. Wichtichste doelstelling is noflik wenje yn Nederlân, sa seit de nije foarsitter Piet Kramer.