Nije skoalle yn Waskemar iepene

21 jan 2005 - 09:42

Yn Waskemar is tongersdei de nije lokaasje fan de CSG Liudger offisjeel iepene. De skoalle foar VMBO, HAVO en VWO-ûnderwiis hat 187 learlingen en is ûnderbrocht yn it multifunksjonele sintrum. Dêr sit ek it fernijde doarpshûs yn.

Liudger ferwachtet yn de takomst yn Waskemar te groeien, omdat lytse skoallen populêrder wurde as hiele grutte lokaasjes. By de bou is rekken hâlden mei mooglike útwreiding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)