Sûnensklachten Balk

21 jan 2005 - 09:39

De mysterieuze stank yn Bakhuzen hat foar in soad sûnensklachten soarge. Sa blykt út ûndersyk fan de GGD. Op 23 oktober hiene bewenners fan twa strjitten te krijen mei in penetrante geur fan oplosmiddels út in rioel wei.

Om't guon bewenners dagelang klagen oer pineholle en yrritaasje oan eagen, earen en noas hat de GGD in ûndersyk ynsteld. Neffens de GGD is der gjin gefaar foar de sûnens op langere termyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)