Rekôrwinst bussebouwer VDL

Bussebouwer VDL Groep, mei in festiging op It Hearrenfean, hat ferline jier in rekôrwinst helle. It giet om in bedrach fan 1,719 miljard euro. Dat is hast 250 miljoen mear as yn 2010. It bedriuw ferwachtet dit jier mei in selde resultaat te einigjen. Der binne wol soargen oer de festigings dy't bussen bouwe. Dy krigen folle minder opdrachten troch de mindere ekonomy. VDL hat in tal prizen wûn foar syn bussen en dêrom is de ferwachting dat der dit jier wol wer opdrachten bykomme.