Koelma nije haadtrainer SCO

© Omrop Fryslân
Sake Koelma wurdt mei yngong fan it nije seizoen de nije haadtrainer fan kuorbalferiening SCO út Aldeholtpea. SCO komt út yn de oergongsklasse. Koelma wurket op dit stuit al as ynterim-trainer. Hy waard frege nei it ûntslach fan haadtrainer Mike Vlietstra.
Koelma wie tusken 1987 en 1989 ek haadtrainer by de SCO. Hy helle doe ûnder oaren de fjildfinale om it nasjonaal kampioenskip tsjin PKC út Papendrecht.