Gjin wichtige fynsten by Aldehou

© Omrop Fryslân
De tredde en lêste fase fan it argeologysk ûndersyk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hat gien fierdere ynformaasje opsmiten oer de Sint Vitustsjerke. De fûneminten fan de tsjerke dy't dêr tusken de 11de en 16de ieu stien hat wiene by opgravings net te finen. Wol fûnen de argeologen rêsten fan skerven en bonken fan slachte bisten út dy tiid.
De proefsleuf is woansdei wer tichtsmiten.