Brêgen & sluzen earder betsjinne

20 jan 2005 - 09:27

De brêgen en sluzen yn Fryslân wurde fan Goedfreed ôf betsjinne en dat is 7 dagen earder as normaal. Rekreaasjeskip de Marrekrite hat dêroer in akkoart berikt mei de belutsen gemeenten. It is allinne noch net hielendal dúdlik wat de gemeente Ljouwert dwaan sil. De brêgen wurde dêr yn alle gefallen op ôfrop betsjinne.

De seizoensstart fan de wettersport fynt ek earder plak mar nei ferwachting wurdt it net sa drok as simmerdeis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)