Van Toor wierskynlik nei Cambuur

© Omrop Fryslân
De kâns dat fuotballer Arnoud van Toor (21) fan Haarlem nei Cambuur ferhuzet wurdt hieltiid grutter. Tongersdei komt syn saakwaarnimmer nei Ljouwert om te praten oer de oergong fan de middenfjilder. Dy soe mei it nije seizoen yngean moatte.
Oanfaller Sjoerd Ars bliuwt foarearst by Cambuur. Ars komt by syn hjoeddeiske klub De Graafschap net oan spyljen ta en mei ferhierd wurde.