Filiaal Subway yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der komt in filiaal fan de Amerikaanse horekaketen Subway yn Ljouwert. It giet om in restaurant dat mei sûne produkten konkurrearje wol mei fastfoodketen McDonald's.
Subway moat yn in nij bedriuwesintrum yn de Ljouwerter wyk Nijlân komme. Dêr is ek plak foar in supermerk mei eksoatyske produkten. Boppedat binne der bedriuwsromten foar begjinnende ûndernimmers te hier.