'Stienzer plysjeburo iepenhâlde'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel moat alles dwaan om it buro yn Stiens iepen te hâlden. Dat is de opdracht yn in moasje fan de ried dy't tongersdeitejûn oannommen wurdt.
Ein ferline jier die bliken dat der konkrete plannen binne om it plysjeburo yn Stiens mei yngong fan 1 maart fan dit jier te sluten. Yn Stiens soe allinnich in loket oerbliuwe. De gemeenteried fan Ljouwerteradiel wiist dat unanym ôf.