Undersyk deadlike brân Drachten

19 jan 2005 - 18:39

De technyske resjersje docht woansdei ûndersyk nei de brân yn Drachten. Yn in flatgebou oan 'e Merk kaam tiisdeitejûn in frou (66) om it libben. Se is troch de brânwacht derúthelle, mar ferstoar ûnderweis nei it sikehûs. Fêststiet wol dat de brân begûn yn 'e sliepkeamer fan 'e frou. Dy is folslein útbaarnd. De oare bewenners fan 'e flat binne evakuearre. Se koene letter werom nei harren wente. Trije apparteminten hawwe reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)