Suderseespoar moat trochgean

© Omrop Fryslân
De tariedings foar de Suderseeline moatte trochgean. Dat is it boadskip fan 'e Stjoergroep Suderseeline oan 'e Keamer. In rapport oer de rappe ferbining mei de Rânestêd waard woansdei oanbean oan Keamerlid Atsma.
It rapport is in reaksje op de kommisje-Duivesteijn. Dy tinkt dat it rappe spoar nei de Rânestêd better ûndersocht wurde moat. Nut en needsaak fan it spoar binne dúdlik, fine de Noardlike provinsjes en gemeenten.