Ferwûne by Tsjummearum

19 jan 2005 - 16:34

Op 'e Hegesylsterwei is tiisdeitemiddei in 35-jierrige frou út Tsjummearum ferwûne rekke. De auto dêr't sy yn ried, waard oanriden troch in taksybuske, bestjoerd troch in 54-jierrige man út Menaam.

De frou is mei pine yn 'e nekke oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. Twa ynsittenden fan 'e persoanewein kamen der sûnder ferwûning fanôf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)