Frysk Deiblêd siket ambassadeurs

19 jan 2005 - 16:31

It Frysk Deiblêd is mei in nije ledewerfkampanje út ein set. Hûnderten minsken hawwe ein ferline jier it abonnemint opsein. Haadredakteur Kooistra ropt no de lêzers yn in brief op om ambassadeur fan 'e krante te wurden. Sy moatte nije abonnees foar de krante oanbringe.

It is net de earste lêzersaksje fan it Frysk Deiblêd. Earder al joech de krante oandielen út en wie der in aksje om te sparjen foar Makkumer ierdewurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)