Buertûndersyk nei moard Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân ferheget de plysjeynset nei de moard op in kastlein yn Ljouwert. De 54-jierrige man waard moandeitenacht om it libben brocht yn syn eigen kafee yn 'e wyk Nijlân. In besiker rekke by de oerfal ferwûne.
De plysje wit noch net hoe't en wêrom't de kafee-eigner krekt fermoarde is. It resjersjeteam is mei tweintich man útwreide. Reden dêrfoar is it grutte buertûndersyk.