Mûzen pleagje F16's
De fleanbasis Ljouwert hat te krijen mei in grutte mûzepleach. De kjifbisten sitte yn de hangars dêr't de fleantugen stean. Yn 'e saneamde 'shelters' fergripe de bisten harren oan 'e djoere masines. Ek brûke se de kabelbosken ûnder de fleanmasines om nesten yn te bouwen.
De fleanbasis brûkt fergif en mûzefallen om de bisten út te roeien.