Van Hall: kursus bisten opsette

© Omrop Fryslân
It Van Hall Ynstitút yn Ljouwert set mei in fakkursus bisten opsetten út ein. Dat bart yn gearwurking mei de Nederlandse Vereniging van Preparateurs en de plysje Fryslân. Foar it opsetten fan bisten jildt in yngewikkelde wetjouwing. It Van Hall is de earste skoalle yn Nederlân dy't sa'n kursus oanbiedt. Leard wurdt fûgels en sûchbisten op te setten en te skelettearjen. Hûsdieren opsette is yn Nederlân ferbean.