Frou (66) omkommen by brân

19 jan 2005 - 07:21

By in útslaande brân yn Drachten is tiisdeitejûn in 66-jierrige frou om it libben kaam. Der wie in flinke reekûntwikkeling yn in flatgebou oan de Markt yn it sintrum fan Drachten. Doe't de brânwacht de wente yngie fûnen se it slachtoffer yn har sliepkeamer.

De oare bewenners fan it flatgebou binne by it blussen ûnderbrocht yn in oar gebou. De bewenners fan trije flats koene fanwege reek- en wetterskea noch net werom nei harren wente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)