Man ombrocht yn Ljouwerter kafee

19 jan 2005 - 07:00

Yn Ljouwert is moandeitenacht in man om it libben brocht. It slachtoffer is nei alle gedachten de eigner fan it kafee oan it Willem Alexanderplein dêr't it misdriuw plakfûn hat. In oare man rekke ferwûne. Neffens dat slachtoffer kamen maskerde manlju it kafee yn. Dy sloegen beide slachtoffers. De tsjûge is doe útnaaid.

De plysje wurket mei tritich man oan de saak. Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)