Offalbakûndersyk Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat it ôfrûne heal jier ûndersyk dien nei de ôffalbakken yn de gemeente. Dat wie nedich om't net bekend wie hoefolle bakken der stean en wêr krekt.
It docht bliken dat der yn totaal 450 jiskebakken yn Smellingerlân binne. De measte konteners stean op plakken dêr't dat bot nedich is. Mei de útkomsten wol de reinigingstsjinst besjen oft der op plakken mooglik ekstra of just minder bakken komme kinne.