Cambuur 'op ekspedysje'

© Omrop Fryslân
Ljouwert mei yn sân jier tiid mei in omwei 600.000 euro oan fuotbalklub Cambuur jaan, sûnder Europeeske regels te skeinen. De fuotballers fan Cambuur krije de kommende sân jier it logo fan 'Expeditie Leeuwarden' op de klean. Dat is in VVV-kampanje foar promoasje fan 'e stêd.
Earder waard it jild oermakke as liening, mar de klub hoecht it bedrach no net werom te beteljen. It jild samar skinke mei net fan Brussel.