Fertutearze ezels: wurkstraf

© Omrop Fryslân
In 57-jierrige man út Frentsjer hat fan de plysjerjochter yn Assen in wurkstraf krigen fan tritich oeren. De man hat yn syn eardere wenplak Eext ezels fertutearzje litten.
De man hie yn dat plak in ezelopfangsintrum mei de namme it Ezelement. Yn april 2003 binne de bisten troch de bistebeskerming yn beslach nommen. Der rûnen ek katten om dy't te min iten krigen hiene.